Plysje siket opnij yn Ljouwerter wetter nei Remon Bruinsma

11 des 2017 - 12:36

De plysje siket moandeitemiddei opnij nei de fermiste Remon Bruinsma. De syktocht sil him benammen rjochtsje op de grêften en oare binnenwetters yn de Fryske haadstêd. De plysje docht dit allinnich op basis fan sicht. Dit betsjut dat der net mei dreggen nei de fermiste 19-jierrige jonge socht wurdt.

Njonken de syktocht by it wetter is de plysje ek noch hieltyd dwaande om de tiidsline fan de jûn fan de fermissing kompleet te krijen. Der wurdt alle dagen sjoen op hokker wize as der socht wurde moat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)