Skoallieders stypje staking yn basisûnderwiis

Skoallieders ha al in soad maatregels nommen om de wurkdruk by de learkrêften te ferleegjen. Der is allinnich echt mear jild nedich, wol it wat opsmite. Dat stelt it fakbûn foar skoallieders. Learkrêften út it basisûnderwiis fiere tiisdei op 'e nij aksje foar mear jild foar de sektor. Dat moat gean nei hegere salarissen en it ferleegjen fan de wurkdruk. It grutste part fan de skoallieders stipet de aksjes.
It jild dat takom jier frijkomt, is fiersten te min. It giet dan mar om 10 miljoen euro seit Albert Helder fan de Ljouwerter skoalkoepel Proloog. Dêr kinne je yn it ûnderwiis kwealik wat mei dwaan. Helder fynt dan ek dat der mear jild komme moat. Skoallen kinne dan mbo'ers ynsette dy't taken oernimme fan de learkrêften. Der is dan bettere begelieding fan de skoalbern mooglik en wurdt de wurkdruk in stik leger.