Dowesport is wiis mei erkenning 'immaterieel erfgoed'

De dowesport mei sûnt dit wykein it predikaat 'officieel immaterieel erfgoed' fiere. De Nederlânske postdowe-organisaasje (NPO) hat him hjir al jierren foar ynset. Yn Rosmalen wie snein de ûndertekening fan it sertifikaat dêr't de status offisjeel mei wurdt. Yn Fryslân binne sechtich doweferieningen.
Mear bekendheid
Simon Kuipers fan Aldegea, foarsitter fan de ôfdieling Fryslân, hat 150 dowen. Syn bisten binne spesjalisearre yn lange ôfstannen, sa tusken de 900 en 1.200 kilometer. "We wolle graach dat minsken yn de takomst ek genietsje kinne fan de dowesport, dat wolle we trochjaan. Dat se dêr ek oer fjirtich jier noch plezier oan belibje." Hy is wiis mei de erkenning. "Der komt in museum oer de dowesport, mar it belangrykste is om mear bekendheid oan de sport te jaan. De sport stiet ûnder druk, want we ha ek te krijen mei fergrizing en we wolle de jeugd achter de mobyl weikrije. Lit se de dowesport belibje, de omgong mei en de fersoarging foar de bisten en lit se der wiis mei wêze."