Winterpopfestival op Flylân

31 okt 2011 - 14:51

Ein dit jier wurdt op Flylân in twadaachsk popfestival organisearre. It soe gean om in winterske fariant fan it súksesfolle Into The Great Wide Open-festival dat yn septimber hâlden wurdt.

Foar Into The New Year sa't dit festival komt te hiten, binne 500 kaarten beskikber. Der binne optredens yn De Bolder op camping Stortemelk en yn it tsjerkje fan Flylân. Artysten dy't spylje binne bands as Moss en Lola Kite.

(Advertinsje)
(Advertinsje)