Friese Poort en NHL wurkje gear oan opliedingsskoalle

11 des 2017 - 11:58

ROC Friese Poort en NHL Hegeskoalle yn Ljouwert sille de kommende fjouwer jier gearwurkje yn it opsetten fan in erkende opliedingsskoalle. De skoallen krije fan it ministearje fan Underwiis 500.000 euro subsydzje, dêr't se de earste twa jier mei foarút kinne.

De beide ynstellingen wolle mei opliedingsskoalle Friese Poort-NHL studinten fan de twaddegraads learare-opliedingen fan de NHL tegearre opliede. Se wolle takomstige leararen better tariede op de praktyk yn it mbo, ûnder oare troch staazje yn it wurkfjild. NHL en ROC Friese Poort wurkje al op meardere mêden gear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)