Fuotbalwedstriden geane moandei oer fanwege winterwaar

SC Cambuur komt moandeitejûn dochs net yn aksje. Yn ferbân mei it ferwachte winterwaar giet de útwedstriid tsjin Jong AZ net troch. Ek de oare twa wedstriden yn de Jupiler League dy't foar moandei pland stiene, binne ôfsein. Op koarte termyn wurdt de wedstriid tusken Jong AZ en Cambuur ynhelle, lit it fuotbalbûn KNVB witte.
Ek de útwedstriid fan Jong SC Hearrenfean tsjin Jong RKC yn Waalwyk giet moandeitejûn net troch.