Auto by Nij Beets troch glêdens yn sleat

11 des 2017 - 09:38
Foto: Srfotografie

Op de Tolhekbuert by Nij Beets is moandeitemoarn troch de glêdens in auto yn it wetter bedarre. De bestjoerder rekke de macht oer it stjoer kwyt. De brânwacht ried yn earste ynstânsje manmachtich út, mar al gau die bliken dat omstanners de bestjoerder al út de auto helle hiene. Meiwurkers fan de ambulânse ha de bestjoerder kontrolearre, mar dy kaam mei de skrik frij. In berger hat de auto út it wetter helle.

De plysje warskôget dat it noch hieltyd glêd is op de dyk.

Trefwurden: 
glêd Nij Beets auto
(advertinsje)
(advertinsje)