De lêste wiken: de ein fan Frjentsjerterdiel

Nei in proses fan jierren mei ideeën, ynspraak, tsjinstân en kompromissen is it oer in pear wiken echt safier. Mei yngong fan 1 jannewaris 2018 sille fiif Fryske gemeenten definityf ferdwine. Frjentsjerteradiel, Ljouwerteradiel, Menameradiel, Littenseradiel en It Bilt geane op yn Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Waadhoeke. We hearre en sjogge dizze wike yn de fiif gemeenten dy't der aanst net mear binne.
Ferslachjouwer Gerrit de Boer wie moandei yn Frjentsjerteradiel. Hy prate mei Gerlof Gerlofsma fan de plantsoenetsjinst. Hy wurket dêr al 38 jier en is ferantwurdlik foar it ûnderhâld fan de sportfjilden. "Ik begjin moarns earst mei in bakje kofje en dan meitsje ik in rûntsje by de fuotbalfjilden del om de gatten fan slidings ensa ticht te traapjen. Fierder doch ik snoeiwurk."
Gerlofsma is begûn yn Skalsum, letter kaam de gemeente Barradeel derby, mar fan de weryndieling fan 1984 hat er net folle fernommen. "No mei Waadhoeke ha ik der net in goed gefoel by. It nivo fan de sportfjilden giet achterút bin ik bang. Us wurktiden wurde ek oars. Sa bin ik tenei freedtemiddei frij, mar dan bin ik mar op de helte mei it meanwurk. Dat sit my dwers. As der it wykein keatsen is, wol ik freedtemiddei noch meane, oars is it gers op snein alwer te lang en dan krijst praatsjes en dat wol ik net. Ik wol dat minsken tefreden binne en mei in goed gefoel oan de ein fan de dei nei hûs ta."
Troch it pak snie kin er dizze moarn net folle dwaan, ek net op de keunstgersfjilden by sporthal De Trije. "Dit moatte jo gewoan lizze litte, net op it fjild komme." Ien fan syn taken is dat er ek de keunstgersfjilden mei in boarstel feit. "De fersmoarge toplaach helje ik los en ik lûk de rubberkerrels nei plakken dêr't troch it spyljen minder leit. Sa wurdt it wer kreas ferdield." Fanwege it winterwaar sil er no mar mei snoeiwurk oan de gong.