Gjin blêdmuzyk en cd's mear

31 okt 2011 - 14:10
Yn de bibleteek fan It Hearrenfean komt ek in festiging fan de Volksuniversiteit

De biblioteek op It Hearrenfean hâldt op mei it útlienen fan blêdmuzyk en cd's. Minsken dy't dat liene wolle, kinne dat no allinnich noch mar yn de bibliotheken yn Snits en yn Ljouwert dwaan. De biblioteek op It Hearrenfean hie lêst fan in grutte weromrin fan it tal útlieningen trochdat minsken no ek muzyk en blêdmuzyk downloade kinne.

Snits en Ljouwert hawwe dêr noch gjin lêst fan. De cd's en blêdmuzyk yn de byb op It Hearrenfean wurde no ferkocht ûnder de leden.

Trefwurden: 
biblioteek blêdmuzyk cd
(Advertinsje)
(Advertinsje)