Kollum: "Klasbakken"

11 des 2017 - 08:31

"Moarn sil der op 'e nij staakt wurde yn it basisûnderwiis. Dit kear wat minder massaal as yn oktober, mar toch: ferskate masters en juffen stean moarn net foar de klasse. Panyk fansels by heiten en memmen dy't ynienen mei in keppel bern thús sitte dy't se kwyt moatte. En dus komt dan altyd wer de fraach boppedriuwen: is sa'n staking no wier nedich?

Ja. Sa'n staking is seker nedich. Sterker noch: it is eins in wûnder dat al dy masters en juffen it sa lang folhâlden ha sûnder te staken. Want gean der mar oan stean. Elke dei stiest foar in klasse mei minstens tritich bern, wêrfan trije autisten, fiif ADHD'ers en sân mei in lichte foarm fan PDD-NOS. Njonken dy tritich bern hast ek noch tsien jankende âlders by dyn buro stean, dy't eamelje oer wat der yn dyn klasse allegear misgiet. En dan; om trije oere, as alles en elkenien nei hûs is, meisto oan de slach mei opromjen, neisjen en de tarieding fan de lessen foar de folgjende dei.

En - dat soe ik hast ferjitte - krijst der ek nochris fierstente min foar betelle. In skytleantsje, dêr'tst dy foar út de naad wurkje moast. Sis no sels - moatst wol knettergek wêze en kies foar in oplieding as de Pabo. Dat dogge dus ek hieltyd minder studinten, wêrtroch't der in leararetekoart ûntstiet. Dêrom kaam Ingrid van Engelshoven, de 'kersverse' minister fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip, mei it plan om it kolleezjejild foar Pabo-studinten goedkeaper te meitsjen. Kiest foar de Pabo dan krijst de earste twa jier in flinke koarting op dyn stúdzje. Heart leuk, mar helpt it ek echt?

Stel, do hast in slachaderlike bloeding en wurdst mei sirenes en al nei de Earste Help riden. Dan moatst der toch net oan tinke dat der in dokter oandraven komt mei in pleister? Want sa fielt it. It basisûnderwiis stroomt leech en dan komt de minister mei sa'n skiterige oplossing ûnder it motto: alle bytsjes helpe. Mar yn dit gefal is sa'n pleister fansels totaal gjin oplossing. Hjir moat in hegedrukferbân oan te pas komme wolst de pasjint yn libben hâlde.

Jild, dêr giet it úteinlik om. Jild foar mear helpende hannen yn de klasse yn de foarm fan ûnderwiisassistinten dy't byspringe kinne. Jild foar lytsere klassen, sadat bern de oandacht krije dy't se fertsjinje. Mar boppeal jild foar in earliker lean. In lean dat gelyk stiet oan dat fan kollega's yn it middelber ûnderwiis.

En just dit lêste punt makket de tongen flink los. Massaal kamen der reaksjes fan kollega's út it middelber ûnderwiis, wêryn't se beärgumintearren wêrom't sy mear fertsjinje moatte as masters en juffers yn it basisûnderwiis. Sa lies ik in paginagrut artikel fan in dosint Wiskunde dy't presys útlei wêrom't hy terjochte mear fertsjinnet as in master of juf. Allerearst hat er alle dagen meardere klassen. Hy hat dus ek folle mear bern dêr't er de nammen fan ûnthâlde moat. En ta beslút hat er fansels ek folle, folle mear 10 minuten-petearen mei heiten en memmen.

Kin allegear wol sa wêze, mar dêr giet it net om. It is net in kwestje fan wa docht it meast. Wa wurket it hurdst. It giet der om datst wurdearre wurdst foar it wurk dast dochst. Sa krampachtich te reagearjen as middelbere skoalledosint, ik fyn it matenaaierij. Jim sitte as ûnderwizers per slot fan rekken allegear yn it selde 'schuitje'. Sûnder basisûnderwiis gjin fuortset ûnderwiis. Dus wêrom dan sa stikelich reagearje? Wêrom sa denigrearjend tsjinoer dyn kollega's? Dat is nergens foar nedich.

Help inoar leaver in bytsje. Want fan stipe fan de bûtenwrâld hoege jim net folle te ferwachtsjen. Efkes in pear reaksjes dy't ik tsjinkaam ûnder it nijsberjocht dat der moarn op 'e nij staakt wurde sil: 'Zoek een andere baan als jullie niet tevreden zijn, stelletje opruiers.' Of dizze: 'Als ze weer gaan staken, moeten ze de salarissen VERLAGEN.'

Foar al dy masters en juffers dy't moarn it wurk dellizze: jim ha gelyk. Lit jim net op 'e kop skite. Jim binne stik foar stik echte klasbakken, dy't mear fertsjinje. Set 'm op moarn."

(advertinsje)