Sanne Wevers turnet nei goud op de balke

11 des 2017 - 08:21
Sanne Wevers - Foto: ANP

Turnster Sanne Wevers hat by it jierlikse toernoai om de Toyota Cup yn Japan goud wûn op de balke. De yn Ljouwert berne Olympysk kampioene helle in skoare fan 14,100. De D-skoare, wêrby't sjoen wurdt nei de swierte fan de oefening, wie in 6,1. Wevers sels is benammen bliid mei de hege D-skoare. Stapke foar stapke wer opbouwe, jout se oan. Wevers traint yn Sportstêd Hearrenfean.

Har twillingsuster Lieke waard op itselde toernoai fjirde op de balke mei 13,300 punten.

Trefwurden: 
Sanne Wevers turnjen goud Japan
(Advertinsje)
(Advertinsje)