Sven Kramer is wrâldrekôr op 5.000 meter kwyt

11 des 2017 - 08:17

Ted-Jan Bloemen hat mei in tiid fan 6.01.86 in nij wrâldrekôr op de 5.000 meter riden by de wrâldbekerwedstriden yn Salt Lake City. Dêrmei hat de tiid fan Sven Kramer út de boeken skreaun dy't it rekôr tsien jier yn hannen hie. Yn Calagary ried er 6.03.32. Twa jier lyn moast de Fries syn mondiale toptiid op de 10.000 meter ek al oan Bloemen ôfstean, dat wie doe ek op de Utah Olympic Oval, de fluchste iisbaan op de wrâld.

Kramer wie Bloemen dit seizoen yn ûnderlinge duels al trije kear te fluch ôf op de 5 en 10 kilometer. Yn Salt Lake City koenen de mannen net tsjin elkoar ride, want Kramer joech de foarkar oan in trainingsstaazje yn Italië. Oer syn grutte rivaal sei de Nederlanner dy't foar Kanada útkomt tsjin de NOS: "Ik denk wel dat Kramer beseft dat als hij hier was geweest, hij er ook was afgereden."

(Advertinsje)
(Advertinsje)