Folgjende sniegebiet om it middeisoere hinne ferwachte

De dei begjint moandei mei lichte froast en kâns op glêdens. Sa sakke de temperatuer yn Ljouwert yn de nacht fan snein op moandei, krekt foar it opgean fan de sinne nei -2 graden. En sels yn it waadgebiet kaam de termometer net boppe it friespunt út, mei in registraasje fan -1 op Skylge. Rykswettersteat warskôget dan ek dat de Fryske diken oer it algemien feilich lykje, mar dat opferzen wetter of snieresten noch hieltyd foar gefaarlike situaasjes soargje kinne.
Neffens waarman Jan Jonkman is der foar de leafhawwers fan de snie noch wol wat te genietsjen moandei. Sa is der oan it begjin fan de dei kâns op sinneskynwaar: "It is earst noch drûch en mei dy sinne derby soe dat moaie plaatsjes opsmite kinne." Dizze sinneskyn duorret lykwols net lang, want yn de rin fan de moarn wurdt it folgjende sniegebiet yn Fryslân ferwachte. De temperatuer bliuwt hjirby oerdei by it friespunt hingjen. Neffens Jonkman moat it ferkear dus sawol moarns as jûns rekken hâlde mei útsûnderlike omstannichheden. "Benammen de jûnsspits moat rekken hâlde mei min sicht en glêde diken."