De Hollen fan Ljouwert op transport fanút Spanje

11 des 2017 - 07:49

Miskien wol de meast yn it each springende fontein fan it Eleven Fountains projekt giet moandei op transport fanút Spanje nei Ljouwert. It giet om de mistfontein mei de twa hollen dy't foar it treinstasjon fan Ljouwert komt te stean. Moandei wurde de hollen laden en begjint it transport nei Fryslân. Andreas Hiemstra fan Wiersma Verhuizingen fersoarget it transport. Ek foar harren is it opheljen fan de hollen fan Ljouwert net in 'gewoane klus'. "It binne fansels hiele grutte hollen dy't op transport moatte," fertelt Hiemstra. "Wy hawwe oant no ta allinnich mar tekeningen sjoen, en wat foto's. Se binne sa'n 7 meter heech en se binne sa'n 700 kilo it stik, dus dy pakke je net samar op om te ferfieren."

By it ferfier wurdt in grutte kraan brûkt, dy't de hollen út it atelier wei op de frachtweinen sette moat. Om't de hollen sa grut binne, en it atelier op in krappe lokaasje sit, is de ferwachting dat it laden hast de folsleine dei yn beslach nimme sil. Moandei om healwei tsienen moarns wurdt de earste holle op in grutte frachtwein tilt. Dêrnei sil it keunstwurk 1600 kilometer oer de Spaanske, Frânske, Belgyske en Nederlânske diken ride, foar't it woansdeitejûn yn Fryslân oankomt. Tongersdei wurde de hollen dan fuortendaliks nei har einbestimming, it stasjonsgebiet, brocht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)