"Fryske diken goed te beriden, mar tink om glêdens"

11 des 2017 - 06:41

De diken yn Fryslân binne moandeitemoarn oer it algemien goed te beriden, mar dochs moatte minsken rekken hâlden mei ferriederlike glêdens. "Er is vannacht in het noorden door ruim 150 aannemers en medewerkers van Rijkswaterstaat gewerkt om de weg schoon te maken, en de weg ligt er nu inderdaad schoon bij," fertelt Marleen Wildschut fan Rykswettersteat. "Dat betekent wel dat er her en der nog sneeuwresten kunnen liggen, maar over het algemeen is de weg goed begaanbaar in het noorden." Benammen dy snieresten kinne soargje foar ûnferwachte glêdens. "Het vriest flink dus er kan zeker lokaal gladheid ontstaan door opvriezing van sneeuwresten of vocht."

Thús wurkje

Snein kaam Rykswettersteat noch mei it advys om moandei thús te wurkjen, en de organisaasje bliuwt hjir moandei achter stean. "Ook omdat het later in de ochtend kan gaan sneeuwen, blijven wij bij het advies om thuis te werken. Vooral in de avondspits omdat het dan alweer gladder kan worden door sneeuw." It is de ferwachting dat de nije sniebuien yn de rin fan de moarn it noarden fan Nederlân berikke sille. Rykswettersteat riedt minsken oan om foar de lêste stân fan saken harren social media yn de gaten te hâlden, of te sjen op de webside rijkswaterstaatstrooit.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)