Dielname reedrydster Janine Smit oan OKT noch ûnwis

Janine Smit falt by de 500 meter yn Salt Lake City © Martin de Jong
It is noch ûnwis oft Janine Smit ein dizze moanne meidwaan kin oan it Olympysk kwalifikaasjetoernoai. De reedrydster fan It Hearrenfean foel freed op har knibbel by de wrâldbeker yn Salt Lake City op de 500 meter. Der sit in flinke swelling op har knibbel en in MRI-scan kin noch net goed útwize wat der mis is en hoe lang't it duorret foar't se opknapt.