Provinsje presintearret plannen foar in feiligere Skieding

11 des 2017 - 06:24
Ferkear op De Skieding (N358) - Foto: Provinsje Fryslân

Moandei 11 desimber presintearret de provinsje de nije plannen foar de N358, oftewol de Skieding, de dyk tusken Surhústerfean en de A7. Doel is om de dyk feiliger te meitsjen, om de leefberheid te ferbetterjen en de ûntsluting fan huzen oan de dyk better mooglik te meitsjen. De Skieding is in drokke twabaans provinsjale dyk mei in soad lânbouferkear en minyrotondes. Mei alle omwenners is praat en dizze minsken mochten har winsken en suggestjes foar de oanpassing fan de dyk ynleverje. Der is in ûntwerp makke mei de meast kânsrike oplossingen en dat sil moandei toand wurde. Elk is wolkom tusken fjouwer oere middeis en njoggen oere jûns op it Projektburo De Skieding yn Houtigehage.

Breder

Doel is om de Skieding breder te meitsjen. Op de dyk wurdt hurd riden en foar minsken dy't der oan wenje is it dreech om mei de auto it hiem ôf te kommen. De provinsje wol no sjen wêr't op- en ôfritten kombinearre wurde kinne. Mei it ekstra jild wurdt temjitte kommen oan in winsk fan omwenners. Dy wolle perfoarst gjin paralleldyk.

Jild

Foar de dyk is al in basisbedrach fan 5,7 miljoen euro beskikber. Dat wurdt brûkt foar it breder meitsjen, de oanlis fan ovondes en de oanpak fan gefaarlike bochten. Earder waard ek sprutsen oer in bedrach fan 2,4 miljoen euro ekstra foar oanfoljende maatregels, mar dat is ynlutsen omdat de provinsje de winsken fan de omwenners meinimme wol yn het projekt. It bedrach kin dêrtroch heger of leger útfalle, sa skriuwt de provinsje.

Begjin 2019 moat it wurk oan de dyk begjinne. Mear oer de plannen is hjir te finen.

Trefwurden: 
De Skieding Surhústerfean A7
(Advertinsje)
(Advertinsje)