Delegaasje LF2018 komt entûsjast werom út Aarhus

In delegaasje fan Ljouwert-Fryslân kulturele haadstêd 2018 is entûsjast werom kaam út it Deenske Aarhus. Dêr waard dit wykein it jier as Europeeske kulturele haadstêd 2017 offisjeel ôfsletten. De beneaming waard offisjeel oerdroegen oan Ljouwert en Malta. Ut Fryslân wiene ûnder oaren Tjeerd van Bekkum, direkteur fan Ljouwert-Fryslân 2018, deputearre Sietske Poepjes en Sjoerd Feitsma, wethâlder yn Ljouwert, fan de partij.
'Legacy'
Neffens Feitsma hat de delegaasje in soad ynspiraasje opdien en sjoen hoe't it evenemint in posityf gefoel efterlitte kin by de minsken. Neffens him binne de measte minsken yn Aarhus entûsjast oer wat it evenemint harren regio brocht hat. Ek hat hy sjoen dat in soad saken dy't brûkber binne foar de takomst, de 'legacy', foar in grut part pas yn de rin fan it jier dúdlik wurde.
Ingelske media
Aarhus hat Ljouwert advisearre om de publisiteit oer it evenemint net allinnich op buorlannen as België en Dútslân te rjochtsjen, mar ek op Ingelân. Net omdat dit in soad toeristen dêrwei hjir hinne lûke sil, mar wol omdat oandacht yn de Ingelske parse ek wer soarget foar oandacht yn de nasjonale media hjir. En dat kin der foar soargje dat minsken út de Rânestêd de wei nei Fryslân better fine kinne.