Fjirde trein op trajekt Ljouwert - Meppel rydt noch net

© ANP
De fiering fan de komst fan in fjirde trein op it trajekt Ljouwert - Meppel, moandeitemoarn, is útsteld. Troch it winterske waar sil de ekstra trein noch net ride. De provinsje Fryslân, NS en ProRail soene moandeitemoarn it momint oangripe om wat lekkers út te dielen oan reizgers op it stasjon fan Ljouwert. It is noch net bekend wannear't dit momint wol plakfynt.
Mei de ekstra trein wolle de partijen wurkje oan in bettere berikberheid fan en nei de Rânestêd.