Darter Noppert wint earste telefyzjetitel yn Egmond aan Zee

10 des 2017 - 19:23

Darter Danny Noppert fan De Jouwer hat sneintejûn syn earste telefyzjetoernoai wûn. Yn de finale fan de Finder Darts Masters yn Egmond aan Zee wie Noppert mei 5-3 te sterk foar tsjinstanner Jim Williams út Wales. Lykas yn de heale finale tsjin Mitchell wie it begjin fan de Jouster net sterk. De wedstriid gie oant in stân fan 3-3 yn sets lykop. Yn in beslissende fiifde leg yn de sânde set pakte Noppert de wichtige 4-3 foarsprong. Dy joech de 26-jierrige darter dêrnei net mear út hannen.

Noppert: ''Ik bin grutsk. Ik besykje altyd it bêste út mysels te heljen, mar ik bin sa bliid dat ik no in telefyzjetoernoai op myn namme skreaun ha. Dit pakke se my nea mear ôf. Dit is geweldich.''

It is foar it earst sûnt 2004 dat it toernoai yn Egmond aan Zee wûn wurdt troch in Nederlanner. Yn dat jier waard it toernoai wûn troch Raymond van Barneveld. Danny Noppert is ek de earste Fryske darter ea dy't in ynternasjonaal telefyzjetoernoai op syn namme skriuwt.

"Dizze is foar dy mem!"

De winst yn de heale finale droech in emosjonele Noppert op oan syn sike mem: "Dizze is foar dy mem. Ik hald fan dy mem!", wêrnei't er mei syn hannen de foarm fan in hertsje makke.

(advertinsje)
(advertinsje)