UPDATE: Struiweinen yn aksje, warskôging foar glêde diken

10 des 2017 - 22:40
Foto: Omrop Fryslân

Op in grut tal plakken yn de provinsje wurdt snein struid yn ferbân mei glêde diken. Under oaren yn de gemeenten De Fryske Marren, Eaststellingwerf, Hearrenfean, Achtkarspelen en Ljouwert binne struiweinen de dyk opstjoerd. De ANWB meldt dat it benammen op de A7 tusken De Gordyk en Drachten glêd is, en ek op de A32 tusken Ljouwert en It Hearrenfean.

Sjippeglêde moarnsspits

It KNMI hat foar snein koade oranje ôfjûn yn Fryslân. Moandei wurdt it mooglik ek wer glêd. De gemeente Ljouwert warskôget foar in sjippeglêde moarnsspits. Der wurdt yn de gemeente in soad sâlt struid, mar it is mar de fraach oft dit effekt hat. De gemeente ferwachtet dat in protte diken beferzen reitsje en dit kin ta gefaarlike situaasjes liede. Ek fyts- en kuierpaden kinne tige glêd wêze. Rykswettersteat advisearret minsken om thús te wurkjen as dat mooglik is en net de dyk op te gean.

It KMNI hat snein te krijen mei in grutte steuring. Dêrtroch ûntbrekke waarnimmingen fan waarstasjons en is de webside net goed berikber.

Trefwurden: 
glêdens struiauto
(advertinsje)
(advertinsje)