Luko Reinders wint Liet 2017

10 des 2017 - 17:28

Luko Reinders is de winner fan Liet 2017. Syn nûmer 'Kom rin mei my' krige snein yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert fan de faksjuery de heechste wurdearring. Reinders waard op gitaar begelaat troch Bas Postma.

Reinders en Postma meie troch de winst meidwaan oan Liet International, yn maaie 2018 yn Ljouwert. Oan Liet International dogge fyftjin dielnimmers út ferskate Europese regio's mei.

(advertinsje)