Rêdingsbrigade siket yn it wetter by Lekkum nei Remon

10 des 2017 - 16:34

De rêdingsbrigade hat sneintemoarn yn Lekkum de folsleine moarn socht nei de fermiste Remon Bruinsma. Dat diene se yn en om de jachthaven fan it doarp en op de Dokkumer Ie. Dêrby waard út Ljouwert wei de folsleine Dokkumer Ie oant Bartlehiem oant ta ôfsocht. De rêdingsbrigade hat ûnder oare de reidkragen kontrolearre. Der bestiet in fermoeden dat it lichem fan Remon mooglik troch de streaming yn dat part fan de Dokkumer Ie telâne kaam is. De syktocht hat neat opsmiten.

(advertinsje)
(advertinsje)