Earste oerboard sleine konteners oan wâl brocht op Skylge

In part fan de konteners dy't freedtenacht oerboard sloegen op de Noardsee boppe It Amelân, binne oan fêste wâl brocht op Skylge. Yn de nacht fan freed op sneon ferlear in skip, dat fart ûnder de flagge fan Antigua en Barbuda, 24 konteners op see. It skip wie ûnderweis fan Bremerhaven nei Rotterdam. Meiwurkers fan de kustwacht ha ûnder oare mei in fleantúch socht nei de konteners. Neffens de kustwacht sitte der gjin gemyske stoffen yn.