Bobteam wurdt 25e yn Winterberg, Spelen noch fier fuort

10 des 2017 - 15:50
It Bobteam, mei Dennis Veenker en Jeroen Piek

It Nederlânske fjouwermansbobteam, mei dêryn Jeroen Piek fan It Hearrenfean en reserve Dennis Veenker fan Damwâld, is snein net fierder kaam as it 25e plak by de wrâldbekerwedstriden yn it Dútske Winterberg. It team mocht hjirtroch net meidwaan oan de twadde run.

Kwalifikaasje foar de Olympyske Spelen is troch it resultaat fan snein noch fier fuort. De bobsliders stean yn it algemien klassemint no op it santjinde plak. Om mei te dwaan oan de Spelen moatte se by de earste tolve einigje yn it klassemint. Se hawwe no noch trije wrâldbekerwedstriden om nei it tolfde plak te klimmen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)