UPDATE: Ferkeard famke meldt har yn fermissingssaak Remon

10 des 2017 - 15:22
Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

It blonde famke dat har melde yn ferbân mei de fermissing fan Remon Bruinsma, is net it famke dat socht waard. Dat skriuwt de mem fan Remon op har Facebookside. Op kamerabylden hat de famylje sjoen dat Remon foarige wike tongersdeitenacht om 2.20 oere nachts meirint mei in groepke fan fjouwer of fiif persoanen fan de C&A op de Nijstêd oant de Doelesteech. Op de hoeke oankaam, wiist in blond famke út dit groepke nei de oare kant fan de Nijstêd. Remon rint dêrnei fluch dy kant op. Nei berjocht op Facebook wêryn't it famke oproppen waard har te melden, skreau de mem fan Remon snein dat in famke kontakt socht hie. It die bliken dat it net om it famke gie dat socht waard.

Trefwurden: 
fermissing Remon Bruinsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)