Iepen UP nominearre foar publykspriis Fryske Popawards

10 des 2017 - 14:19

Op 16 desimber wurde de jierlikse Fryske Popawards wer útrikt op it Freeze Festival yn Ljouwert. Dit jier is it programma Iepen UP nominearre foar de publykspriis. Dizze talkshow wurdt alle wiken rjochtstreeks útstjoerd by Omrop Fryslân op de webside, fia Facebook en YouTube. Oare nominearren foar de publykspriis binne: Kunstbende Friesland, 3VOOR12/Friesland, Deepgrooves, The Homesick, Explore the North, Teethgrinder en Douwe Dijkstra en de Sneue Vertoning. It publyk kin oant freed 15 desimber 15.00 oere in stim útbringe op de webside fan Friesland Pop.

Foar de Bernlef Priis komme Meindert Talma, Zea, Baldrs Draumar en Wiebe yn oanmerking. Ek de nominearren foar de NHL Talent Award binne bekend makke. Yn dizze kategory meitsje CIEL,
Katie Koss, Korfbal, Rollàn en Willie Darktrousers & De Splinters kâns op in priis.

De nominearren foar de Fryske Popprijs en de Omrop Fryslân Klipkar.tv Klipaward binne noch net bekend makke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)