Kuorballers SCO pakke winst tsjin Unitas

10 des 2017 - 13:39
SCO earder dit seizoen yn in thúswedstriid - Foto: PEEM Fotografie

De kuorballers fan SCO pakten sneon in knappe 29-28 oerwinning op Unitas. Yn de eigen sporthal De Steense begongen de Aldeholtpeasters goed oan de wedstriid. Al rap stie der in 8-3 foarsprong op it boerd. Foar it skoft wist Unitas lykwols werom te kommen oant in 13-13 rêststân.

Yn de twadde helte holden beide ploegen inoar lang yn lykwicht. Yn in tige spannende slotfaze luts SCO úteinlik oan it langste ein en stelde dêrmei de oerwinning yn eigen hal feilich.

Trefwurden: 
SCO kuorbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)