Bekerduel UNIS Flyers-AHOUD Devils ôfsein fanwege waar

10 des 2017 - 12:49
Foto: Martin de Jong

De iishockeywedstriid tusken UNIS Flyers en AHOUD Devils Nijmegen giet snein net troch. It bekerduel soe om fiif oere yn Thialf op It Hearrenfean wêze, mar is fanwege it minne waar ôfsein. It Nederlânske IIshockeybûn hat dit besletten, mei it each op de feilichheid fan de teams en de taskôgers. Der wurdt noch oerlein oer in nije datum foar de wedstriid.

Trefwurden: 
UNIS Flyers iishockey
(Advertinsje)
(Advertinsje)