Kip en Van Wermeskerken yn basis by Cambuur

10 des 2017 - 12:24

Ricardo Kip en Sai van Wermeskerken spylje moandei yn de útwedstriid fan Cambuur tsjin Jong AZ yn de basis. Dit giet ten koste fan Bryan Smeets en Kevin van Kippersluis. "Ik wol wat mear dynamyk op it middenfjild hawwe", sei trainer Sipke Hulsoff snein nei de training. De lêste moanne fan it kalinderjier 2017 is belangryk foar Cambuur, sa sei Hulshoff. "Wy spylje noch fjouwer finales, wêrûnder de bekerwedstriid tsjin de amateurs fan GVVV. Wy wolle oerwinterje yn de beker en wy wolle yn de trije kommende kompetysjewedstriden goede resultaten helje."

Dat moat yn earste ynstânsje barre tsjin Jong AZ. "Sy spylje goed fuotbal", sa sei Hulshoff. "Der sit in protte djipte yn it spul en der sit ek in protte fuotbaljend fermogen yn. Mar wy moatte tsjin dizze tsjinstanner manlik fuotbalje en dominant wêze." De wedstriid Jong AZ-Cambuur wurdt moandeitejûn om 20.00 oere spile yn it AFAS Stadion yn Alkmaar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)