UPDATE: 22 kij komme om by brân yn boerebedriuw Nyegea

10 des 2017 - 10:23

De útslaande brân by it boerebedriuw oan de Skieppekampen yn Nyegea is ûnder kontrôle. De brân wie yn ien fan de trije stallen op it hiem. Dizze is ferlern gien. Omdat it gie om de stâl dy't it tichtst by it wenhûs stie, waard der ynset op it behâlden fan de wenning. Dat is slagge.

Yn de stâl stiene 170 kij. Neffens de brânwacht bin der minstens 22 stiks jongfee omkommen troch de brân en binne der in soad kij mei brânwûnen. Foar it fee is in feedokter oproppen. By de evakuaasje fan de bisten ha minsken reek binnen krigen, sy binne neisjoen troch ambulânsepersoniel.

By de brân kaam in soad reek frij. De brânwacht hie omwenners oproppen om ruten en doarren te sluten en fentilaasje út te dwaan. Omdat de brânwacht mear help nedich hie, waard der opskaald fan middelbrân nei grutte brân. De oarsaak fan de brân is noch net bekend. Neffens de brânwacht is der gjin asbest frijkaam.

Trefwurden: 
brân Nyegea
(Advertinsje)
(Advertinsje)