Boalserter dûnskafee koarte tiid ûntromme

10 des 2017 - 10:09
Foto: Rudy Bouma

Dûnskafee De Prins yn Boalsert hat sneontenacht koarte tiid ûntromme west. Der soe in bus pepperspray leechspuite wêze yn de útgeansgelegenheid. Koart nei twa oere waarden de helptsjinsten oproppen. De besikers moasten nei bûten, in soad fan har hie lêst fan de eagen. Sy binne behannele troch ambulânsepersoniel. De brânwacht hat mjittingen dien, mar koe neat fine.

(Advertinsje)
(Advertinsje)