Messen en brekizer yn beslach naam yn Ljouwerter binnenstêd

10 des 2017 - 08:33

Fjirtjin messen en ien brekizer binne sneontenacht yn beslach naam troch de plysje yn Ljouwert. De wapens waarden oantroffen by in previntive kontrôle yn de binnenstêd. De plysje fûillearre yn totaal 274 minsken en hat yn 56 auto's sjoen. Elkenien dy't in mes by him of har hie, moast dat ynleverje en krige proses-ferbaal. Yn de binnenstêd fan Ljouwert jildt in messeferbod.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)