Trije drankriders yn Ljouwert moatte rydbewiis ynleverje
De plysje hat sneontenacht trije drankriders oanhâlden yn Ljouwert. Op de Oostergowei waard in 25-jierrige Ljouwerter automobilist foar de tredde kear betrape mei fierstente folle drank op achter it stjoer. Syn rydbewiis is ynnaam en hy moat in kursus folgje oer alkohol yn it ferkear. Ek in 18-jierrige bestjoerder út Stienwyk rekke syn rydbewiis kwyt en moat oan de kursus meidwaan. Hy rûn op de Sophialeane tsjin 'e lampe.
In 18-jierrige snorfytser út Ljouwert hie ek tefolle dronken. By in kontrôle yn de Goudenregenstrjitte moast er syn rydbewiis ynleverje en krige er in boete fan 300 euro.