Snits yn trije sets lâns Talinteteam Papendal

09 des 2017 - 22:58

De follybalfroulju fan VC Snits wiene sneontejûn fierstente sterk foar Talinteteam Papendal. Yn Snits hie de thúsklup gjin muoite mei de nûmer acht fan de ranglist. Yn trije sets wûn de ploech fan coach Petra Groenland.

De earste set wûn Snits mei 25-16, de twadde mei 25-20 en de lêste mei 25-17. Troch de oerwinning stiet Snits twadde mei 26 punten út alve wedstriden. Sliedrecht Sport is koprinner yn de earedifyzje.

Trefwurden: 
VC Snits follybal
(advertinsje)
(advertinsje)