Opnij sulver foar Marrit Leenstra yn Salt Lake City

Marrit Leenstra © awfoto.nl
Marrit Leenstra hat sneontejûn de sulveren medalje pakt op de 1.500 meter by de wrâldbekerwedstriden yn Salt Lake City. De Nederlânsk rekôrhâldster op dizze ôfstân kaam yn in tiid fan 1.52.31 oer de streek. De 28-jierrige Leenstra moast allinnich Miho Takagi út Japan foar gean litte. Yekaterina Shikhova út Ruslân waard tredde.
Freed wûn Leenstra mei de frouljusefterfolgingsploech ek al sulver.