Basketballers Aris yn eigen hûs ûnderút tsjin Weert

© Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris ha de kater dy't de ploech oprûn nei de flinke nederlaach tsjin Donar, sneontejûn net fuortspylje kind. Weert wie yn sporthal Kealledykje mei 76-73 te sterk foar de ploech fan coach Tony Van den Bosch.
Aris begûn wol goed oan de wedstriid. Nei it earste kwart stie it 17-14 foar de Ljouwerters. Yn it twadde kwart wie Weert better en stiene de besikers by it skoft mei 30-29 foar. Dêrnei wie it Aris dat de boppelizzende partij wie en pakte nei it tredde kwart wer de lieding: 49-44. Yn slotfaze fan de wedstriid makke Weert it ferskil en wûn it, nei ferlinging, úteinlik mei 76-73.