Snits Wyt Swart pakt thús in punt tsjin Achilles 1894

© Omrop Fryslân
Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart spile sneontejûn thús lyk tsjin heechfleaner Achilles 1894 út Assen. Yn Snits stie de einstân by it skoft al op it skoareboerd. It waard 1-1 en dêr sjitte de Snitsers net in soad mei op. Op de ranglist hâlde se allinnich Jong Achilles'29 en RKHVV ûnder harren.
De ploech fan trainer Germ de Jong kaam nei in kertier spyljen op foarsprong. David van der Pol sette de Snitsers op 1-0. Goed tsien minuten letter sette Luuk Kuipers fan Achilles 1894 beide ploegen wer yn lykwicht.
Krekt foar it skoft krige Ids Hannema fan de besikers in reade kaart en Snits Wyt Swart in penalty. Spitigernôch foar de Snitsers slagge Gerben Visser der net yn om syn ploech opnij op foarsprong te setten. Yn de absolute slotfaze wie Harvey de Boer noch ticht by de winnende goal, mar hy slagge der krekt net yn te skoaren.