LDODK ferliest mei lyts ferskil fan lânskampioen TOP

09 des 2017 - 21:38

De kuorballers fan LDODK ha sneontejûn de útwedstriid by TOP ferlern. Yn Sassenheim wie de lânskampioen mei 26-24 te sterk foar de ploech fan coach Erik Wolsink.

By it skoft stiene beide ploegen noch yn lykwicht (13-13), mar yn de twadde helte rûn TOP út. Yn de slotfaze wie LDODK noch wol dwaande mei in sterke comeback. Se kamen fan 25-19 werom ta 25-24, mar se slaggen der net yn om lyk te meitsjen. Dêrnei skoarde TOP noch ien kear. Oan de kant fan LDODK wiene Friso Boode mei seis en Lieneke Pries mei fiif doelpunten noch wol op skot, mar koene in nederlaach net foarkomme.

Troch it ferlies stiet de ploech út Terwispel en fan De Gordyk yn de kuorballeague no op it fjirde plak mei seis punten út fiif wedstriden.

Trefwurden: 
LDODK TOP kuorbal
(advertinsje)
(advertinsje)