Danny Noppert nei kwartfinales fan Finder Darts Masters

09 des 2017 - 21:05

Darter Danny Noppert fan De Jouwer hat sneontejûn de kwartfinales fan de Finder Darts Masters berikt. Yn Egmond aan Zee wûn Noppert sûnder muoite mei 5-1 fan Conan Whitehead út Ingelân. Earder op de dei wie de 26-jierrige Jouster al te sterk foar Cameron Menzies. Troch dy twa oerwinnings yn de pûlfaze giet Noppert as groepswinner troch nei de lêste acht fan it telefyzjetoernoai.

De kwartfinales sette sneintemiddei útein. Dêrnei wurde fuortendaliks de oare finalewedstriden spile. De Finder Darts Masters is it iennige offisjele telefyzjetoernoai fan Nederlân.

(advertinsje)
(advertinsje)