KNMI: koade oranje yn Fryslân fanwegen sniebuien

09 des 2017 - 20:58

Fanwegen de ferwachte sniebuien hat it KNMI foar sneintemiddei koade oranje ôfkundige. De ferwachting is dat de snie Fryslân snein om tolve oere hinne berikke sil. Der kin tusken de fiif en fyftjin sintimeter snie falle.

It KNMI warskôget foar gefaarlike situaasjes yn it ferkear en ropt minsken dy't dochs de dyk op gean, op harren rydgedrach oan te passen.

Trefwurden: 
KNMI koade Oranje
(advertinsje)
(advertinsje)