Lykspul foar SC Hearrenfean nei lette goal VVV-Venlo

09 des 2017 - 20:29

Nei ferliespartijen tsjin PEC Zwolle en Roda JC spile SC Hearrenfean sneontejûn yn it Abe Lenstra Stadion lyk tsjin VVV-Venlo. De thúsklup wie benammen yn de twadde helte de boppelizzende partij, mar de ploech fan trainer Jurgen Streppel slagge der net yn om trije punten te pakken. It waard 2-2.

Hearrenfean sette min útein yn it Abe Lenstra Stadion, dat lang net hielendal fol siet. Nei tsien minuten spyljen kamen de Limburgers op foarsprong. Lennart Thy, spits fan VVV-Venlo, profitearre fan fuortglydzjen fan Kik Pierie en skode de bal, fia Daniel Høegh, achter Hearrenfean-keeper Warner Hahn.

Henk Veerman slagge der mei in skot net yn om de lykmakker te meitsjen, syn ploechgenoat Denzel Dumfries die dat healwei de earste helte wol. Hy kopte út in frije traap fan oanfierder Stijn Schaars de 1-1 op it skoareboerd. Dêrnei is it Hearrenfean dat it bettere fan it spul hat, mar doelpunten levere dat net op.

Nei it skoft wie Veerman wól suksesfol. Mei in typyske 'spitsegoal' sette de Volendammer, dy't opnij de foarkar krige boppe Reza Ghoochannejhad, Hearrenfean op foarsprong. De assist kaam fan de foet fan Michel Vlap. Nei de goal fan Veerman krige Hearrenfean kânsen om de skoare út te wreidzjen.

Morten Thorsby wie tichtby, mar hy skeat oer en ek Yuki Kobayashi slagge der net yn om it net te finen. Tweintich minuten foar tiid wie Høegh twa kear ticht by de 3-1, mar syn kopbal waard keard en de rebound gie oer. Ralf Seuntjens makke foar VVV-Venlo de lykmakker. In domper foar Hearrenfean, dat genôch kânsen hie om de wedstriid yn eigen foardiel te beslissen.

SC Hearrenfean - VVV-Venlo 2-2 (1-1). 10. Lennart Thy 0-1, 19. Denzel Dumfries 1-1, 49. Henk Veerman 2-1, 86. Ralf Seuntjens 2-2. Giele kaarten: Damian van Bruggen (VVV-Venlo), Kik Pierie (SC Hearrenfean).

Opstelling SC Hearrenfean: Hahn; Dumfries, Høegh, Pierie, Schmidt; Schaars (88. Næss), Vlap, Thorsby; Kobayashi, Veerman, Mihajlović (72. Van Amersfoort).

(Advertinsje)
(Advertinsje)