Ymkje Clevering nasjonaal en Europeesk kampioen roeien

09 des 2017 - 20:04
Ymkje Clevering, twadde fan links - Foto: Facebookpagina AGSR Gyas

Ymkje Clevering is sneon nasjonaal én Europeesk kampioen binnendoarroeien wurden. Cleverling wie yn har wenplak Amsterdam te sterk foar al har konkurrinten. De 23-jierrige roeister, ôfkomstich fan Haulerwyk, lei de twa kilometer dy't roeid wurde moast it fluchst ôf. Sy die dat yn in tiid fan seis minuten en fyftich sekonden.

Trefwurden: 
Ymkje Clevering roeien
(Advertinsje)
(Advertinsje)