ONS Snits yn twadde helte lâns hikkesluter Magreb'90

09 des 2017 - 17:18

ONS Snits hat sneontemiddei de kompetysjewedstriid tsjin de nûmer lêst Magreb'90 wûn. Op it eigen Sudersportpark wie de ploech fan trainer Chris de Wagt mei 3-0 te sterk foar de hikkesluter út Utrecht.

Yn de earste helte slaggen de Snitsers der net yn om te skoaren. Op slach fan rêst krigen de besikers in reade kaart en moasten sy mei tsien man fierder.

Nei it skoft profitearre ONS Snits fan de man-mear-situaasje. Mei in skitterjend skot skeat Curty Gonzales de iepeningstreffer tsjin de touwen. Tsien minuten dêrnei wie it opnij Gonzales dy't skoarde. Mei in foarsprong fan 2-0 krigen ek de Snitsers in reade kaart. Serge Fatima mocht in kertier foar tiid dûse.

Lang duorre it net dat beide ploegen like folle spilers op it fjild hiene, want Anthony Berenstein fan Magreb'90 wie de tredde spiler dizze middei dy't read krige. Yn de slotfaze soarge ONS Snits-spiler Genridge Prijor noch foar de 3-0.

ONS Snits - Magreb'90 3-0 (0-0). 53. Curty Gonzales 1-0, 62. Gonzales 2-0, 85. Genridge Prijor 3-0. Reade kaarten: 44. Omar Boukhari (Magreb'90), 77. Serge Fatima (ONS Snits), 83. Anthony Berenstein (Magreb'90).

Trefwurden: 
ONS Snits Magreb'90 fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)