Renovaasjes mûnen De Jouwer en Skarsterbrêge binne klear
Nei in lange renovaasje binne dit wykein sawol de Penninga's Mûne fan De Jouwer en de Skarrenmoune yn Skarsterbrêge weriepene. De renovaasjes wiene hurd nedich, want guon steunbalken wiene oan it rotsjen.
It ûnderhâld koste in soad jild. Nei alle gedachten wurdt fan 2018 ôf de subsydzje foar de mûnen ferlege en dus is der in grut ferlet fan nije donateurs.