Darter Rick Hofstra fluch útskeakele op telefyzjetoernoai

09 des 2017 - 15:18

Darter Rick Hofstra fan Snits is sneontemiddei útskeakele op de Finder Darts Masters. Yn Egmond aan Zee ferlear Hofstra ek syn twadde pûlwedstriid. Ross Montgomery út Skotlân wie mei 5-3 te sterk. Om't de Snitser darter freedtejûn ek al ferlear, sit it telefyzjetoernoai der foar him nei de pûlfaze al op.

Danny Noppert fan De Jouwer spile sneontemiddei syn earste pûlwedstriid fan de Finder Darts Masters. De 26-jierrige darter wûn dy partij frij ienfâldich mei 5-2 fan Cameron Menzies. Sneontejûn komt Noppert wer yn aksje op it poadium. Dan striidt er tsjin de Ingelskman Conan Whitehead om in plak yn de kwartfinale fan it toernoai.

(advertinsje)
(advertinsje)