Moniek Miedema mei Fryske jurken op moadeshow yn Amsterdam

09 des 2017 - 15:12

Dat wy yn Fryslân net allinnich prachtige modellen ha, mar ek ûntwerpers fan wrâldklasse, bewiist Moniek Miedema. Mei har merk Byoni fertsjintwurdiget se Fryslân dit wykein op de beurs Masters of LXRY yn de Amsterdamske RAI.

Yn de earste ronde fan de moadeshow binne der jurken fan Miedema te sjen mei dêrop de Fryske flagge. Ek makket Miedema couture jurken fan yogamatsjes en recyclebere houten pallets.

Wa't sa'n bysûndere jurk ha wol, moat noch efkes geduld ha. Op de beurs wurdt neat ferkocht. "Wy binne hjir om ús te presintearjen as ûntwerpers", fertelt Miedema. "It is superleuk om hjirby te wêzen en te priuwen oan safolle lúkse."

(Advertinsje)
(Advertinsje)