Histoarikus Ton Bijkerk fan De Fochtel ferstoarn

09 des 2017 - 14:30
Foto: ANP

Histoarikus Ton Bijkerk fan De Fochtel is dizze wike ferstoarn. Bijkerk is 86 jier âld wurden. Hy wie foaral bekend troch syn kennis oer de skiednis fan de Olympyske Spelen. Syn ûndersiken ha der ûnder oare ta laat dat de skiednis fan de Spelen letterlik werskreaun is.

Yn de offisjele stikken stie bygelyks dat yn 1920 de sulveren medalje by it toulûken wûn wie troch Amearika, mar Bijkerk ûntduts dat it in Ljouwerter sporter wie.

Trefwurden: 
ferstoarn Ton Bijkerk
(Advertinsje)
(Advertinsje)