Waarman Jonkman: "Sniepoppen meitsje op sneintemoarn"

09 des 2017 - 14:02

Der falt snein safolle snie, dat der sniepoppen fan makke wurde kinne. Dat seit waarman Jan Jonkman fan Omrop Fryslân. Dat sniepoppen meitsjen moat wol moarns betiid, seit er, want yn de rin fan de dei giet de temperatuer wat omheech. Dan komt der wiete snie of sels reinwetter en dat sil foar in soad oerlêst op de dyk soargje. "It wurdt in echte binde", seit Jonkman.

(Advertinsje)
(Advertinsje)