Alvestêdebestjoer wol finishbôge yn foarm fan krúske

De Fryske Alvestêdeferiening wol yn 2018 in grutte bôge pleatse oer de Bonkefeart, op it plak fan de finish fan de Alvestêdetocht. Dat hat it bestjoer sneontemiddei bekend makke op de algemiene ledegearkomste yn Ljouwert. De bôge hat de foarm fan in heal Alvestêdekrúske. De Vereniging De Friesche Elf Steden moat der noch wol in fergunning foar krije.
By in folgjende Alvestêdetocht sil de winneres by de froulju in ekstra priis krije. It giet om in sulveren earmbân fan de earste frou dy't de tocht útriden hat. Janne Rinske van der Weg wie dat, yn 1917. Har neibesteanden hawwe de sulveren earmbân beskikber steld.